v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+  BEGJINT  THÚS  DRAMATYSK  OAN  DE  FOARJIERS-KOMPETYSJE

Easternijtsjerk – Op ús eigen sportpark “De Fiver” bakte Ropta-Boys 45+ en folle âlder der einliks hielendal neat fan tidens ús earste kompetysje rûnde. As lieder en ûnderskriuwer fan dit ferslachje bin ik alhiel teloarsteld. Op juster 15 maart 2024, myn jierdei, sette jo alles oan de kant om myn team net yn de steek te litten. Jierdei besite ensafuorthinne ôfsizze om der dochs te wêzen. Op ús gesamenlike Ropta Boys 45+ app wurd moai skreaun dat de lieder jûn heechwarskynlik traktearre wurde sil op njoggen punten. Trije kear winst, mar spitichgenoch kaam hjir ôfrûne freedtejûn hielendal neat fan terjochte en wurde jo traktearre op trije striemine wedstriden. It skriuwen hjirboppe is natuerlik hiel negatyf. It wurd allegear wat oandikt. Ik bin der fan oertsjûge dat elkenien mear as syn bêst docht foar in better resultiet. Miskien hawwe wy(ik) ek altiten noch te hêge ferwachtigingen fan ús Ropta Boys 45+. Sjoen op ús tsjinstânners hawwe sa stadichoan wol it âldste team mei miskien wol de heechste ferwachtingen. De fuotballers fan no, binne net mear de fuotballers fan eartiids. Mar nettsjinsteande dat it fuotbal net bêst wie, wie der dochs ien grut hichtepunt foar Ropta Boys 45+. Dat wie yn de earste wedstriid tsjin Be-Quick D 45+-2. It wie Roel Sikkema dy’t mei grutte skientme (schoonheid) in werklik skitterende lob mei bûtenkant links de Be-Quick keeper ferskalkte foar de 1-0. Yn dizze wedstriid tsjin Be-Quick D 45+ pakte Ropta Boys 45+ noch wol de trije punten om’t Be-Quick D noch minder fuotbalde as Ropta Boys 45+. Mar op de trije doelpunten wie neat oan te merken. De 1-0 fan Roel wie fan messiaanse skientme. De 2-0 fan Jack van der Vorst en de 3-0 fan Sietse Allema wienen strakke en ûnhâldbere ôfstânskotten. De winst ferblommet dizze wedstriid it minne fuotbal fan Ropta Boys 45+. Einstân: 3-0.

De twadde wedstriid tsjin F.C. Burdaard die seer oan de eagen. Ropta Boys 45+ kaam der hielendal net oan te pas. Ynfaller keeper Jaap Wiep Torensma moast fjouwer kear de bal út it net fiskje. Dêr stie tsjinoer dat der ek noch hielfolle reddingen ferrjochte om’t oars de skea net te oersjen wie foar Ropta Boys 45+. In dat yn 20 minuten fuotbal. Yn dizze wedstriid kin ik my gjin kâns betinke oan de kant fan Ropta-Boys 45+. Miskien noch in pear lytse kânskes foar Arnold Nutma, mar ek de topskutter fan weleer wie net trefseker. In kânslease nederlaach fan 4-0. Fierder sil ik hjir mar gjin wurden mear oan smoarrich meitsje. Einstân: 0-4.

Yn de tredde wedstriid tsjin VCR 45+ wie Ropta Boys 45+ ek de ûnderlizzende partij. Dochs fuotbalde Ropta Boys 45+ in bytsje better as tsjin F.C. Burdaard. Dizze kear begûn Ropta Boys 45+ mei in poeier fan Harald Wiersma dy’t krekt oer de latte skeerde. Mar fierder wie it VCR 45+ dy’t gefaarlik wie. Hja rekken twa kear de peal en ien kear de latte en noch skrok Ropta Boys 45+ net wekker fan dizze gelûden. VCR 45+ wist úteinlik twa kear te skôren. Ropta Boys 45+ krige yn dizze wedstriid fia Geert van Wieren en Arnold Nutma noch wol in pear kânskes, mar de oertsjûging wie der dizze jûn by de gehiele ploeg net. Wêrtroch ek dizze wedstriid as in nachtkers út gie foar Ropta-Boys 45+. Einstân:   0-2.

Mar miskien komt der noch in hichtepunt fan dizze jûn. Antje Allema hat ûnder it led-ljocht foto’s makke fan ús as âldsjes. As de foto’s mislearje dan sil it net komme fan ús rapheid, mar warskynlik om’t it donker wie. Wa wit hâlde wy noch in pear moaie foto’s oer oan dizze wedstriden en dêrfoar alfêst tige tank Antje Allema. Fierder moatte wy dizze wedstriden mar ferjitte en it oer trije wike op freedtejûn 5 april 2024 op’e nij besykje. Ik soe sizze it kin allinnich mar better wurde.

Jan Torensma, 16 maart 2024.