v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+  MEI  KEEPER  MARTEN  KOOISTRA  AS  ÚTBLINKER  OP  DREEF  YN’E  GEAST

Rinsumageast –  Krekt as yn de twadde kompetysje rûnde kaam Ropta-Boys 45+ yn de tredde kompetysje rûnde ek goed foar de dei. Ûnder tafersjoch fan de twa lieders, Geert van Wieren en ûnderskreaune, en ús eigen Ropta-Boys fotgrafe Antje Allema (mei man Sietse en Suzanna) dy’t de spilers wêr prachtich fêst wist te lizzen yn de moaie oan dit ferslach taheakke foto’s. It is toch prachtich dat de spilers yn aksje fêst lein wurde op de gefoelige plaat. Soks wie der net yn ús heechtiidsdagen by de v.v. Ropta-Boys.

Der wie spitichgenoch ien ferfelend barren tidens de lêste wedstriid tusken Ropta-Boys 45+ en Be-Quick 45+. Ûs spiler Arnold Nutma kaam ûngelôkkich yn botsing mei in spiler fan Be-Quick 45+. It gefolch wie dat Arnold Nutma dûzelich en mei sprongen wynbrau him ûnder doktersbehanneling stelle moast. De wynbrau is justerjûn noch hechte en gelôkkich fielt Arnold sich net mear dûzelich. Wy winskje Arnold yn elts gefal in goed herstel ta.

Ropta-Boys 45+ F.C. Burdaard 45+ 0 – 0.

Yn de earste wedstriid tsjin de oansteande kampioen Burdaard 45+ wist Ropta-Boys 45+ harren goed steande te hâlden. Mei úteinlik as resultiet in lykspul. Dit waard it earste punten ferlies fan Burdaard 45+ yn dizze kompetysje. Yn it begjin fan dizze wedstriid hie Ropta-Boys 45+ sels op foarsprong komme kinnen, mar sawol Arnold Nutma as Theunis Linthof misten beide in goede kâns. Dêrnei wie it allinnich ferdigenjen foar Ropta- Boys 45+, mar dit diene se mei ferve ûnder lieding fan Fokke Visser. De kânsen en mooglikheden dy’t Burdaard 45+ krige waarden as fan âlds ûnskealik makke troch poerbêst keeperswurk fan Marten Kooistra. Nei 20  minuten fuotbal pakte Ropta-Boys 45+ mei in 0-0 einstân de earste punten ôf fan de Burdaarders. In tsjok fertsjinne kolletyf punt yn dizze wedstriid.

Ropta-Boys 45+ VCR 45+ 0 – 1.

De twadde wedstriid tsjin de thûsklup VCR 45+ gie folslein lykop. Oan beide kanten ûntstienne kânsen. In skot fan Arnold Nutma wie in proai foar de VCR keeper. It ôfstânsskot fan Theunis Linthof gie úteinlik fia bûtenkant peal neist. Ek VCR 45+ liet fan harren sprekke troch inkelde feninige skotten, mar krekt as yn de earste wedstriid wist Marten Kooistra net fan wiken en hâlde syn doel skjin oant de lêste sekonde ta. Mar spitichgenoch waard ús dizze lêste sekonde fataal.  Yn dizze lêste sekonde wie it tsjin de ferhâldingen yn dochs noch raak en moast keeper Marten Kooistra dochs noch kapitulearje. Der waard sels net mear ôftrappe, wêrtroch Ropta-Boys 45+ sneu en sneu ferlear. Nettsjinsteande it ferlies is in komplimint oan de Ropa-Boys 45+ ferdigeners Fokke Visser, Gert van der Meulen, Roel Sikkema en Jaap Wiep Torensma wol op syn plak yn de spile twa wedstriden. Se wienen hast net foarby te kommen.

Ropta-Boys 45+ Be-Quick Dokkum 45+ 6 – 0.

Yn dizze wedstriid kamen de middenfjilders en spitsen yn byld. Yn dizze wedstriid wie it ienrjochtingsferkear. Yn it begjin fan de wedstriid woe it noch net slagje, om’t in skôt fan Arnold Nutma en fan Frans Sijtsma beide fia de peal neist gienen.  Mar dêrnei gie it rap. Op oanjaan fan Arnold Nutma koe Theunis Linthof de 1-0 binnen tikje. Dit wie ek it lêste wapenfeit fan Arnold Nutma. Dêrnei wie de botsing dy’t ik earder beskreaun haw yn dit ferslach. Nei de 1-0 gie it hiel rap. De doelpunten foelen as ripe appelen oan Ropta-Boys 45+ harren kant. De 2-0 en 3-0 kamen fan de foet fan ús nestor Frans Sijtsma. De 4-0 en 5-0 wienen nûmer twa en trije fan Theunis Linthof, wêrtroch Theunis in hattrick foltôge. It lêste doelpunt yn dizze iensidiche wedstriid kaam op namme fan Theun Bouius. Troch dizze klinkende 6-0 oerwinning kaam der in ein oan dizze fuotbaljûn.

Konklúzje: Ropta-Boys 45+ hat nei harren kinnen prestearre en ûntbearde in lyts bytsje gelôk op better resultiet.

Ferslachjouwer Jan Torensma.

Klik op onderstaande link voor alle foto’s:

https://myalbum.com/album/Niy3AspYyqxk/?invite=b44e18c5-fe34-49f4-9b14-832a257cbffe