v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+  BEGJINT  FERTSJINSTLIK  OAN  DE  KOMPETYSJE.

Easternijtsjerk-  Ôfrûne freedtejûn wie it wêr safier. In nije kompetysje foar de âldsjes fan Ropta Boys. In fuortendaliks trije thúswedstriden op ús eigen sportpark “De Fiver”.          Ropta Boys 45+ is stadichoan in ploeg dy’t net mear wei te tinken is by de v.v. Ropta Boys. Fanôf de oprjochting yn 2009 oant no ta is Ropta Boys 45+ aktyf. Alwêr 14 jier aktyf yn de wrâld fan 45+ fuotbal. It begûn eartiids mei spilers krekt boppe de 45 jier, mar sa stadichoan bestiet de ploeg út spilers dy’t de 50, 55 en 60+ rojaal foarby binne. Mar dochs binne wy mei syn allen noch hieltiten represintatyf en hawwe wy noch altiten de leafde foar it moaie fuotbalspultsje. Ôfrûne freedtejûn wie net alles halleluja, mar it fuotbal wie moai, rêstich en goed fersoarge by Ropta Boys 45+.

De earste wedstriid tsjin Dokkum wie it fjildoerwicht fuortendaliks foar Ropta Boys 45+, mar de earste kear dat Dokkum by ús goal kaam wie it direkt raak. (0-1) Dêrnei wie it wêr ienrjochtingsferkear nei it Dokkum doel. It duorre frij lang, mar úteinlik makke Andries Weidenaar de gelykmakker. (1-1) Spitichgenoch blessearre Andries sich by dizze aksje. Sportmasseuse Ytsje Visser hat Andries nei dizze wedstriid noch wat oplappe. Hy hat de twadde wedstriid noch meidien, mar de lêste wedstriid net mear. Mar hoopje dat de blesseurre meifalt en rap herstelt. Dochs wie it Ropta Boys 45+ dy’t oan de langste ein luts. Yn de lêste minút lei Arnold Nutma een foarset perfekt op de holle fan Fokke Visser. Hy kopt de winnende treffer binnen. (2-1).

De twadde wedstriid tsjin VCR wienen beide ploegen reedlik oan elkoar weage. Mar it wie Ropta Boys 45+ dy’t de skoare iepene fia in moaie treffer fan Wiebe Turkstra. (1-0) Nei it doelpunt wienen der fia Frans Sijtsma, Geert van Wieren en Arnold Nutma foldwaande mooglikheden om de wedstriid mei noch in doelpunt yn it slot te goaien, mar spitichgenoch wie it ôfrûnen fan de lêste aksje net it sterkste punt fan Ropta-Boys 45+ ôfrûne freedtejûn. Mei in lyts bytsje help fan ús keeper Marten Kooistra kaam VCR fia Thom Feddema op de gelykmakker. (1-1) Ús keeper Marten Kooistra is sûnt jier en dei ús rots yn’e brâning. Hy hat jierrenlang in hiele protte punten pakt foar Ropta Boys 45+, mar justerjûn hie Marten in protte pech dat hy ballen loslitte moast mei it gefolch dat der ek noch doelpunten útfoelen. Om mei it motto fan Bredero te sprekken. It kin in kear ferkeare dat it net hielendal goed giet. Úteinlik eindige dizze wedstriid yn 1-1.  

De lêste wedstriid wie tsjin de beste ploeg fan dizze jûn, Be-Quick Dokkum. Mar fuotbaljend fanút in de sterke ferdediging mei Fokke Visser, Gert van der Meulen, Roel Sikkema, Jaap Wiep Torensma en Wiebe Turkstra joech Ropta Boys 45+ mear dan foldwaande tsjingas om it sterke Be_Quick muoilik te meitsjen. Ropta-Boys 45+ krige sels út de kounter de bêste mooglikheden. In moaie lob fan Wiebe Turkstra waard op it lêste momint troch de Be-Quick keeper ta korner ferwurke. Noch in skôt fan Wiebe gie mar krekt oer de krúsing. Fierder noch in skôt fan Fokke Visser dy’t fia de peal it fjild wêr yn stuite. Ek ús ferneamde en rappe teamspiler Geert van Wieren slagge it net om te skoaren. Ja, ferneamde spiler om’t dizze spiler, ús spiler tusken de fuotbalkompetysjes yn in boek útbrocht hat as multitalint op ferskate gebieden. Mei tastimming fan de skriuwer kinne jimme mear lêze oer ús spiler/skriuwer Geert van Wieren op de website www.domineegeert.nl. No noch efkes oer de wedstriid. Be-Quick kaam einliks net op eigen krêft op foarsprong. Twa fouten fan ús brocht de tuskenstân foar Be-Quick op 0-2. It lêste doelpunt fan Be-Quick wie wol in skitterend doelpunt wêrtroch de einstân útkaam op 0-3. Nettsjinsteande dizze nederlaach fuotbalde Ropta Boys 45+ dizze wedstriid hiel goed.

Konklúzje: Mei dizze útslaggen kin Ropta Boys 45+ goed libje en mei fol fertrouen fierder nei freedtejûn 6 oktober 2023 op de fjilden fan Be-Quick Dokkum. Ta beslút wol ik ús supporters, dy’t der freedtejûn oanwêzich wienen tank sizze foar harren support. Fierder tank oan de twa spilers fan Ropta Boys 2 dy’t bartsjinst hienen ôfrûne freedtejûn.

Lieder Jan Torensma.