ROPTA BOYS 45+ BEHELLET UNFERSLEIN IT KAMPIOENSKIP BINNEN YN GROOTEGAST.
|Grootegast – In blide, tefreden en grutske lieder fan Ropta Boys 45+ seach ôfrûne freedtejûn syn ploech it kampioenskip op ûnfersleine wize binnen heljen yn Grootegast. It mei ek wolris sein wurde dat wy as “âldsjes” út it goeie hout sneinen binne. It is dochs unyk dat in fuotbalferiening as Ropta Boys jierren oan’e wei timmeret mei 16 fuotballers yn’e âldens fan 45+, 50+, 55+ en 65+. Wy witte it allegearre better en wy hawwe allegearre ús miening wol klear en wy swetse wat yn’e romte en meitsje der somtiden moaie fuotbal ferhalen fan. De tredde helte is altiten gesellich. Mar dochs is it moai dat spilers dy’t yn ferline furoare makken yn Ropta Boys 1,2 en 3 no noch hieltiten byinoar en mei-inoar in baltsje traapje by Ropta Boys 45+. Dan is it ek moai dat sa’n ploech, foar de noch te spyljen lêste searje wedstriden yn De Wilp, it kampioenskip yn’e bûse hat. Op it keunstgêrsfjild fan Grootegast hie Ropta Boys 45+ net safolle muoite mei Opende 45+ en F.C. Grootegast 45+, mar tsjin De Wilper Boys moast alles út de kast om de oerwinning en ek de ûnfersleine status te behâlden. Hjirûnder steane trije lytse wedstriidferslachjes fan de wedstriden dy’t ôfrûne freedtejûn spiele binne op it kâlde winerich en buiïge sportpark te Grootegast.
Ropta Boys 45+ – Opende 45+ 4 – 1.
Tsjin in sterk ferdigenjende Opende ploech wie it yn earste ynstânsje mar dreech troch hinne kommen foar Ropta Boys 45+ It duorre efkes foar’t Geert van Wieren syn ploech it earste setsje joech troch it meitsjen fan de 1-0. It ferset wie brutsen en efkes letter sette Jack van der Vorst it sântal op in 2-0 foarsprong troch in skot fan ôfstân. Sa no en dan krûp Opende in lyts bytsje út harren skulp en wisten sels op 2-1 te kommen troch gelegenheid keeper Jappie de Vrires te ferrifeljen mei in skot yn de koarte hoeke. Ropta Boys 45+ rekke net ien panyk en it wie Geert van Wieren, stiif links, dy’t úteinlik mei syn rjochterfoet op rjochts in prachtige assist joech op Arnold Nutma dy’t foar 3-1 oantekene. Yn’e slotfaze fan dizze wedstriid waard de einstân 4-1 troch in hurde en pleatste skower fan Frans Sijtsma.
Ropta Boys 45+ – F.C. Grootegast 45+ 6 – 0.
Yn dizze wedstriid gie it stikken better mei Ropta Boys 45+. Op it rappe keunst gers wie ôfsprutsen om mei strakke ballen en rap tik wurk de tsjinstanner te ferslaan. Dit slagge aardich mei in pear moaie doelpunten út prachtige oanfallen. De skoare waard iepene troch in skot fan Theunis Linthof. De 2-0 fan Arnold Nutma wie in foarbyld fan hoe fuotbaljen moat op in heal fjild. De bal it wurk dwaan litte in op it krekte momint de frije man sykje om binnen te tikjen. It tredde en fjirde doelpunt kaam op namme fan Geert van Wieren. De earste ferseach de keeper him op en foel yn’e lange hoeke binnen. (3-0) It oare doelpunt wie in ferkearde wêr omspiel bal wêr’t Geert van Wieren tusken kaam en profitearre. (4-0) It fiifde doelpunt wie wêr in beauty. Nei in moaie oanfal wie it Wiebe Dijkstra dy’t fan rjochts de bal op de holle lei fan Arnold Nutma die koppend prachtich 5-0 makke. It lêste doelpunt kaam op’e nij fan Arnold nei in assist fan Geert van Wieren. (6-0) In mear dan terjochte útslach, om’t Grootegast der net oan te pas kaam.
Ropta Boys 45+ – De Wilper Boys 45+ 2 – 1.
Yn dizze wedstriid moast Ropta Boys 45+ fol oan’e bak om de ûnfersleine status fêst te hâlden. Yn dizze wedstriid gie it hurd om hurd. De Wilper Boys 45+ wie op “oarlochspaad” om Ropta Boys 45+ harren earste nederlaach ta te bringen. Mar safier soe it úteinlik net komme, mar it skeelde net folle. Oan Ropta Boys kant moast Andries Weidenaar it ûntjilde. Earst waard der hurdhannich ûnderút helle en efkes letter waard der trochhelle op syn fuotten, wêrtroch Andries mei in blessuere ôfheakje moast yn’e slotfaze. Ek Roel Sikkema waard hurdhannich oanpakt , mar koe nettsjinsteande in iepen foet troch fuotbalje. Dêr foar wie it in spannende wedstriid. Healwei de wedstriid wie it Arnold Nutma dy’t Ropta Boys 45+ nei in foarsprong skeat yn’e koarte hoeke. (1-0) Ropta Boys 45+ koe spitich genôch net lang genietsje fan dizze foarsprong. Yn’e omskeakeling wie De Wilper Boys 45+ rapper dan Ropta Boys 45+ en spiele it goed út, wêrtroch keeper Jappie de Vries kânsleas wie. (1-1) Dêrnei wie De Wilper Boys 45+ tichteby de foarsprong, mar it wie keeper Jappie de Vries dy’t syn ploech mei in foet refleks yn’e wedstriid hâlde. Mei noch in pear minuten op de klokken wie it Frans Sijtsma, dy’t Rota Boys 45+ de oerwinning besoarge. In foarset fan Arnold Nutma waard koelbloedich ^troch Frans Sijtsma binnen sketten foar de oerwinning (2-1)
Konklúzje: Troch op’e nij trije kear winst is Ropta Boys nei trije kear trije wedstriden sûnder punt ferlies kampioen. De lêste trije wedstriden op freedtejûn 12 maaie yn de Wilp dogge der net mear ta. Mar ek dizze wedstriden wolle wy as ploech ek mei winst ôfslute. It doel is om 12 maaie it kampioenskip noch mear glâns te jaan troch noch trije kear winst. Ropta Boys 45+ giet freedtejûn 12 maaie foar in UNFERSLEIN KAMPIOENSKIP.
Lieder Jan Torensma