v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+  FUOTBALLE  ÔFRÛNE  FREEDTEJÛN  TIGE  MUOISAME THÚSWEDSTRIDEN.

Easternijtsjerk –  Yn’e earste kompetysje rûne behelle Ropta Boys 45+ 4 punten yn Kollumersweach. Ek ôfrûne freedtejûn op ús eigen sportpark “De Fiver” koe Ropta Boys 4 punten by skriuwen. Mar dizze 4 punten komme einliks gehiel op het konto fan ús treflike keeper Marten Kooistra. It wie Marten Kooistra dy’t der einlings yn syn ientsje foar soarge hat dat Ropta Boys 45+ net in ôfgong temjitte gien is in harren eigen thúswedstriden.  It kommentaar fan Marten wie koart mar treffend: Ik haw dit noch nea meimakke, mar se kamen de hiele jûn fan alle kanten op mei ôf. Foarôf tinke jo dat der wat te heljen falt yn ús eigen thúswedstriden. Alles wie goed regele om Ropta Boys 45+ flamme te litten. Ik neam op: De fjilden leine moai klear troch Jaap Wiep Torensma.                            It wedstriidskema wie ophongen en dizze kear, om’t wy thús spylje, wiene wy trije wedstriden op ús prachtich keunstgêrsfjild yndield. De ballen wiene oppompe, de wettersek en wetter flessen wiene fol. De Skildersbedriuw Nutma sponsor klean leine klear. De kantine frijwilligers Wessel en Grytsje Dijkstra hiene der sin oan. De skiedsrjochters Jan Bekker en Jelle de Jong stiene klear om de wedstriden te fluitsjen. Der wie ek noch foldwaande thúspublik en dat wurdearje wy as Ropta Boys 45+ tige. De râneferskynsels om te prestearjen wiene folop oanwêzich foar Ropta Boys 45+. Fierder hie de lieder ek fertrouwen yn in pear moaie en goeie wedstriden, om’t der ôfrûne woansdeitejûn op’e training  in demonstraasje show te sjen wie fan it fjouwertal Jack van der Vorst, Geert van Wieren, Piet en Gerard Torensma. Miskien begripe jimme net wêrom ik alle râneferskynsels hjirre op neam yn it ferslach. Ik doch it om’t oer de wedstriden net safolle te skriuwen is oangeande de prestaasjes fan ús team, wêr’t ik as lieder ek diel fan útmeitsje. As lieder skamje ik my in bytsje foar yn elk gefal de prestaasjes dy’t  der ôfrûne freedtejûn op de keunstgêrs matte dellein binne troch Ropta Boys 45+. Gelôkkich hiene de spilers sels ek genôch selskennis om ta te jaan dat it net bêst wie  ôfrûne freedtejûn. Yn elk gefal wiene wy wol de bêsten en de lêsten yn’e Tredde Helte, mar dêr pakke jo gjin trije punten mei. No de wedstriden noch.

Ropta Boys 45+  – Dokkum  45+   0-0.

Ropta Boys 45+ hie grutte muoite om in gelykspul feilich te stellen yn dizze wedstriid. Dokkum wie de bettere ploech. Ropta Boys kaam alhiel net yn it spul foar. De keeper moast twa as trije kear in skot rjocht op him ôf ferwurkjen. Ropta Boys kaam ta net ien útspiele kâns. Ropta Boys kaam in it begjin fan wedstriid der goed  foarwei troch in skot op’e peal fan Dokkum. Fierder wie it de poer- en poerbêst keepjende Marten Kooistra dy’t nei 25 minuten fuotbal it iene puntsje pakte foar Ropta Boys 45+.

Ropta Boys 45+  – F.C. Birdaard 45+  1 – 0.

Yn de twadde wedstriid tsjin F.C. Birdaard wie in skitterende goal fan Theun Bouius foldwaande om trije punten te pakken. Mar ek yn dizze wedstriid kaam Ropta Boys 45+ der net trochhinne.              F.C. Birdaard wie ek yn dizze wedstriid de ploech dy’t de beste kânsen kreëarre om te skôren, mar krekt as yn de earste wedstriid wie it op’e nij keeper Marten Kooistra dy’t de haadrol pakte troch de nul te hâlden. Sels spilers fan F.C. Birdaard dy’t allinnich op him ôf kamen wiene net in steat te skôren. Marten wie yn dizze wedstriid net te passearjen.

Ropta Boys 45+  – Friese Boys 45+   0 – 2.

Foarôfgeande oan dizze wedstriid kamen wy noch efkes yn’e klaaiboks om ús ta te rieden foar de lêste wedstriid tsjin de bêste ploech út de kompetysje, Friese Boys. Mar ek dizze tarieding hat net holpen. Fanôf de earste minút rûn Ropta Boys 45+ efter de feiten oan. It wie ymport spiler Sieger Swart fan Friese Boys dy’t binne tsien minuten it fûnis útfierde oer de ambysjes fan Ropta Boys 45+. Nei dizze rappe 0-2 wie de wedstriid spiele en ek yn dizze wedstriid wiene der gjin útspiele kânsen te notearjen foar Ropta Boys 45+. In pear skotten wiene de iennichste spearpunten fan Ropta Boys 45+. Mar ek yn dizze wedstriid pakte keeper Marten Kooistra de haadrol. Healwei de wedstriid krige Friese Boys in terjochte penalty fan skiedsrjochter Jan Bekker. Mar fan in meter as tsien pakte keeper Marten Kooistra de goed ynsketten penalty fan Sieger Swart, wêrtroch in gruttere efterstân Ropta Boys 45 besparre bleaun.

Konklúzje:  Ropta Boys 45+ hat thús net sjen litten wat hja yn hûs hawwe. It wie in muoisume fuotbaljûn mei ien grutte útblinker yn’e persoan fan Marten Kooistra  oan Ropta Boys 45+ kant. Oer twa wiken, op freedtejûn 13 oktober 2017, hoopje wy op better spul yn Burdaard.

Jan Torensma.