v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+  FUOTBALLE  RÊSTICH  EN TEFREDEN  NEI  IT  EIN  FAN  DE FOARJIERSKOMPETYSJE.

Burdaard – Troch de ôfsizzing fan Be-Quick Dokkum 45+ wienen de ôfrûne freedtejûn noch twa wedstriden te spyljen foar Ropta-Boys 45+ yn de foarjierskompetysje. It safolste seizoen fan Ropta-Boys 45+ hokker wêr tefreden nei in ein brocht is troch in groep fan 14 spilers wêr’t de lieder út kieze kin. Wy fuotbalje net mear sa as 15 jier lyn by it begjin fan de yntroduksje fan it 45+ fuotbal fia de KNVB. Mar der binne noch altiten fuotballers yn ús fermidden dy’t der fanôf it earste begjin by binne. Dat is dochs wol unyk. In ek freedtejûn is de winsk wêr ûtsprutsen om der folgend seizoen wêr in jier mei troch te gean. De oanwaaks fan nije spilers is minym en dêrom besjogge wy it fan jier oant jier. As lieder rekkenje ik it kommende seizoen wêr op jimme komst en op jimme ynbring/ynset.

Ropta-Boys 45+ – VCR  45+ 1 – 1.

Justerjûn spiele Ropta-Boys 45+ yn de iepeningswedstriid tsjin VCR 45+. It wie op’e nij in gelyk opgeande wedstriid. Beide ploegen binne it gehiele seizoen oan elkoar weage. Nei in pear minuten spyljen kaam VCR 45+ al op foarsprong. (0-1) Mar nei dit doelpunt kaam Ropta-Boys 45+ better yn de wedstriid. Ropta-Boys 45+ spiele rêstich en behearst en kaam sa ek ta goeie kânsen. Fia Arnold Nutma, Geert van Wieren en Theun Bouius, mar harren ynsetten waarden pakt troch keeper Hiemstra fan VCR 45+. Mar ûnder leiding fan de efterhoede spilers Andries Weidenaar, Fokke Visser, Sietse Allema en Roel Sikkema waard der ek neat mear fuortjoen. It wie wachtsjen op de gelykmakker en dizze kaam der ek. Nei in assist fan Jack van der Vorst koe Andries Weidenaar in strak in ûnhâldber skôt ôfleverje dy’t ûnhâldber wie foar keeper Hiemstra fan VCR 45+. Nei dizze gelykmakker stiene beide keepers, sawol Hiemstra fan VCR as ús keeper Marten Kooistra hiel goed te keepen, wêrtroch de stân net mear feroare. Hjrtroch waar de einstân in terjochte 1-1.

Ropta-Boys  45+ – F.C. Burdaard  45+ 0 – 2.

De twadde en lêste wedstriid tsjin kampioen Burdaard 45+ spiele Ropta Boys 45+ goed. De bal die goed syn wurk en Ropta-Boys 45+ krige net folle kânsen, mar twa kear wie Ropta-Boys 45+ tichteby in treffer fia Theun Bouius. By syn earste ynset nei in goed rinnende oanfal moast de keeper fan Burdaard gestrekt nei de hoeke om in doelpunt te foarkommen. De twadde ynset wie in hurd skôt hokker de keeper fan Burdaard mei muoite ta korner wist te ferwurkjen. Úteinlik wûn kampioen Burdaard 45+ op basis fan wat jongere spilers dy’t it ferskil meitsje troch mear rin fermogen en rappere hannelingssnelheid. De úteinlike 1-0 en 2-0 fan Burdaard 45+ wienen twa moaie útspiele doelpunten. In terjochte kampioen fan dizze foarjierskompetysje. Einstân: 0-2.

Yn de neisit wie it FNP en fûgeltsjes man Thom Feddema fan VCR 45+ dy’t noch efkes it wurd naam. Mei in soart kwinkslagen en dûbelsinniche opmerkingen makke hy der wêr in moai ferhaal fan. Hy felisitearre Burdaard mei harren kampioenskip, wêrtroch wy se folgend jier net mear treffe sille. Se sykje it fêst hêgerop. Fierder sjocht hy Jack van der Vorst by Ropta-Boys 45+ as lieder, om’t Ropta-Boys 45+ altiten winne sil as wy Jack van der Vorst syn fuotbal ynsicht útfiere. Hy hat ek noch wat tankwurden foar de VCR 45+ lieder Sjoerd van der Galiën dy’t der mei stopjen giet. Sa kaam der ein oan dizze fuotbaljûn en foarjierskompetysje. Mar wy as Ropta-Boys 45+ besykje de kommende tiid noch in bytsje troch te trénen op de woansdeitejûnen foar de leafhawwers. Oant dan.

Lieder Jan Torensma.