ROPTA BOYS 45+ HAT IT LJOCHT WÊR SJOEN.
|Gryptsjerk – Nei de swarte freedtejûn 18 maart 2016 yn Dokkum wiene der in protte dy’t tochten dat Ropta Boys 45+ nei jierren fan opgong no har bêste tiid hân hat. Mar neat is minder wier. Freedtejûn 8 april 2016 giet foar Ropta Boys 45+ de sinne wêr strielen. Ik moat der wol om tinken wat ik skriuw, om’t Roel Sikkema ús yn’e tredde helte noch wol efkes warskôge mei de hjirûnder steande wurden. Ien sweltsje makket noch gjin simmer”. Dêr hat Roel gelyk yn, mar oan de oare kant witte wy no ek dat Ropta Boys 45+ noch net ôfskreaun is. Wy kinne it noch wol. Der wiene sels fjouwer tsjûgen dy’t it wûnder fan Gryptsjerk oanskôge hawwe. Tige tank Theunis Linthof en de famylje Turkstra foar jimme stipe. Yn de earste kompetysje rûne te Dokkum kaam Ropta Boys 45+ mei hiel folle muoite oan ien puntsje. Ôfrûne freedtejûn pakte Ropta Boys 7 punten troch twa kear te winnen en ien kear gelyk te spyljen. Hjirûnder kinne jimme de hichtepunten lêze fan de trije spiele wedstriden.
Gryptsjerk 45+ – Ropta Boys 45+ 1 – 2.
Fan ôf it begjin fan dizze wedstriid wiene beide ploegen lykweardich. De earste kânsen en mooglikheden wiene foar de thúsklup. Mar krekt as alle oare kearen moatten wy Marten Kooistra tank sizze foar in pear goeie rêdingen. Hjirtroch hâld der syn ploech op de nul. Nei wat spjeldeprippen fan Ropta Boys 45+ wie it healwei de wedstriid reak. In kombinaasje tusken Arnold Nutma en Gerard Torensma wurd troch Gerard mei syn knibbel it doel yn tikket. (0-1) In moaie opstekker. Dochs komt Gryptsjerk efkes letter op gelike hichte. In perfekte lange bal op de spits wurd ek fraai binnen kopt foar de 1-1. Dizze goal foel letterlik en figuerlik út de loft. Ropta Boys 45+ joech hjir krekt efkes tefolle romte fuort en stie te fier by de tsjinstanner wei. Nei dit doelpunt wie Ropta Boys 45+ efkes fan slach. Troch in kombinaasje fan in kop- en hânbal fan Frans Sijtsma kaam de bal op de stip te lizzen. Lokkich foar Ropta Boys 45+ skeat Ron de Boer de penalty oer, wêrtroch Ropta Boys 45+ mei de skrik frij kaam. Fiif minuten foar tiid wie dêr de winnende treffer foar Ropta Boys 45+. It wie Geert van Wieren dy’t in sublime pass joech op Jack van der Vorst. Jimme kinne natuerlik allegearre Jack van der Vorst. Allinnich op de keeper ôf is in wissichheid by Jack van der Vorst. No ek wêr. Hy skeat de bal rêstich en behearst lâns de keeper foar de winnende treffer. (1-2) In moai begjin tsjin de ploech wêr’t yn Dokkum mei 4-1 ferlern waard.
Dokkum 45+ – Rota Boys 45+ 1 – 4.
Nei de opstekker tsjin Gryptsjerk wie Ropta Boys 45+ los. Yn’e wedstriid tsjin Dokkum wie Ropta Boys 45+ hear en master. It wie samar 0-3. De earste goal wie in beauty. Arnold Nutma spilet de bal op rjochts nei Gerard Torensma dy’t op syn beurt de bal kreas foar jout op Roel Sikkema dy’t yn ien beweging de bal lâns de keeper tikket foar de 0-1. In goal fan ien kear reitsjen. In echte sealfuotbal goal. De twadde wie net minder moai. Op’e nij wie it Gerard Torensma dy’t no in perfekte foarset joech op Arnold Nutma. Arnold kopt de foarset tsjin de tried yn binnen foar 0-2. De tredde goal wie in Ibrahimovic-tsje, sa omskreaun de doelpuntenmaker Geert van Wieren dizze goal. In ferkearde wêrom spylbal wêr’t Geert as de piken by wie om fan te profitearren. (0-3) Fierder wiene der ek noch twa mooglikheden foar Piet Torensma. Mar dizze spiler hie gjin gelok mei syn ynsetten. Nei dizze oermacht fan Ropta Boys 45+ tocht de ploech der wêr wat te maklik oer en liet Dokkum hiel maklik skoare. Dat kin, mar sa’n spiler mei net trije man útspylje om te skoaren. (1-3) It slotakkoard wie foar Ropta Boys 45+. It wie Gerard Torensma dy’t mei in lokkige goal de einstân op 1-4 sette. Hy spiele de bal mei wat gelok troch de fuotten fan de keeper. Op’e nij winst foar Ropta Boys 45+.
Ropta Boys 45+ – Friese Boys 45+ 0 – 0.
De lêste wedstriid moast Ropta Boys 45+ tsjin de koprinner yn dizze kompetysje. Mar krekt as yn Dokkum kin de koprinner muoilik winne fan it dizze kear hiel goed fuotbaljende Ropta Boys 45+. Dat dizze wedstriid in punt pakt is, is foaral te tanken oan de sterk spyljende efterhoede spilers Theun Bouius, Wiebe Dijkstra, Roel Sikkema en keeper Marten Kooistra. Theun Bouius hie de skoarende spits Henk Hamstra fan Friese Boys yn’e bûse. Hy skeat út alle stannen, mar hieltiten fan te fier ôf, wêrtroch it gefaarlike wapen fan Friese Boys útskeakele waard troch meiname Theun Bouius. Dêrneist paste Wiebe Dijkstra as lêste man op de winkel en Ropta Boys 45+ koe har rjochtsje op de oanfal. Ropta Boys 45+ kaam ek wol yn’e buert fan de Friese Boys goal, mar echt gefaarlik wa de ploech net. Friese Boys stie krekt as Rota Boys goed en kompakt te ferdigenjen. It wie dêrom in lykweardige wedstriid mei in hiel lyts bytsje oan kânsen en mooglikheden. Yn’e slotfaze wie Ropta Boys 45+ sels ek noch hiel ticht by de oerwinning. In ynset fan Gerard Torensma kaam tsjin de peal, mar oer it algemien wie in gelyk spul in goeie werjefte fan dizze wedstriid. Mei tank oan alle tsien spilers wie der dizze jûn einliks in foarm fan ferlichting. Nei de blamaazje yn Dokkum hat Ropta Boys 45+ yn Gryptsjerk wêr wat fan harren glâns wêrom sjen litten. Einstân: 0-0.
Konklúzje: De konklúzje komt dizze kear fan dûmny Geert van Wieren. De konklúzje is: No mar hoopje dat Ropta Boys 45+ it ljocht brânende hâld en sa troch giet.
Tuskenstân nei twa kompetysje rûnen:
1. Friese Boys 45+ 6 3 3 0 12 11 – 5.
2. Gryptsjerk 45+ 6 3 0 3 9 17 – 10.
3. Ropta Boys 45+ 6 2 2 2 8 8 – 9.
4. Dokkum 45+ 6 1 1 4 4 5 – 17.
Lieder Jan Torensma.