v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ IS WÊR LOS YN KOMPETYSJE FERBÂN

Kollumersweach – Juster 18 maart 2023 begûn nei in wike fertraging de kompetysje foar Ropta Boys 45+. De ploech hie der in protte sin yn. In nije kompetysje mei oare ploegen as foarhine, dus ek nije kansen. De lieder hie mar leafst 13 spilers ta syn beskikking. Spitichgenoch binne dat wat tefolle spilers foar wedstriden fan 7 tsjin 7 op in heal fjild. Úteinlik binne wy mei 9 spilers ôfstutsen ûnder prachtiche waarsomstandigheden. Mar it docht sa wol bliken dat Ropta Boys 45+ noch hieltiten in goed besteansrjocht hat anno 2023. Dan de wedstriden. Nettsjinsteande it moaie sêfte waar wienen de wedstriden fan Ropta-Boys 45+ noch net fan it nivo dat wy somtiden wend binne fan dizze ploech. It fjild wurke ek net mei. It wie ûntsettend hobbelich, mar dat jilde natuerlik ek foar de tsjinstanner. Ropta Boys 45+ begûn de earste wedstriid tsjin Feanwâlden 45+. It begjin fan dizze wedstriid wie noch akseptabel. Troch in doelpunt fan Jack van der Vorst pakte Ropta-Boys 45+ de lieding.(1-0) Nei dizze foarsprong krige Theunis Linthof noch in pear dikke kansen om de wedstriid yn it slot te goaien. Mar it barde net. It lêste gedielte fan dizze wedstriid wie hielendal foar Feanwâlden en mei in protte gelôk en goed keeperswurk fan Marten Kooistra bleaun Ropta Boys 45+ oerein en wûn úteinlik nipt mei 1-0. De earste punten wienen hjirtroch muoisum, mar dochs binnen helle. De twadde wedstriid tsjin Friese Boys wie lykwaardich. Oan beide kanten barde net safolle In pear lytse kânskes foar Theunis linthof, Arnold Nutma en Gert van der Meulen, mar yn alle gefallen wie de ôfwurking ûnder de maat. It wie in echte 0-0 wedstriid sjoen de ferhâldingen, mar dochs ferlear Ropta Boys 45+ de wedstriid yn de slotminuten. In oanfal fan Ropta Boys 45+ waard ôfslein, mar út de dêr op folgjende kounter stie de efterhoede fan Ropta Boys 45+ net gehiel op te letten. In Friese Boys spiler kaam hjirtroch each yn each te stean mei Marten Kooistra en wipte dêrnei de bal keurrich oer de útkommende Ropta Boys goalie hinne. Dizze 0-1 wie ek fuortendaliks de einstân. De tredde en lêste wedstriid wie tsjin VVT 45+. (Dit wie de lêste om’t VCR 45+ foar dizze kear gjin ploech op de foet krije koe.)  De VVT-ers fregen foarôf noch efkes wêr’t harren dumny fan welear en ús spiler fan no wie. Wy hawwe mar sein dat wy him spaarje foar de wedstriden yn in letter stadium fan de kompetysje en dat sy gelôk hawwe dat der net mei docht, om’t hja oars de punten dochs kwyt binne. Ek yn dizze wedstriid wienen de beide ploegen oan elkoar weage. By VVT wie der ien man wêr’t it spul om draaide en dat wie Riemer Dorenbos, mar dizze waard troch de ferdedigers Wiebe Turkstra, Andries Weidenaar en foaral Fokke Visser yn de smiezen hâlden. Fokke Visser hie twa kear in akkefietsje mei him, mar gelôkkich foel de skea by beide spilers ta. Mar ek yn dizze wedsriid wienen de kansen op ien hân te tellen.  Frans Sijtsma en Arnold Nutma wienen noch it tichtst by in doelpunt, mar dêr wie it ek mei sein. Dizze wedstriid eindige sa as der begûn wie yn 0-0.

Konklúzje: It fuotbal is noch wol foar ferbettering fetber yn de kommende kompetysje wedstriden. It pluspunt is dat wy wêr efkes as ploech bezich west binne mei it spultsje wêr’t wy allegear fan hâlde. En sa as sa faak wie de tredde helte miskien wol it beste. De folgende kompetysje wedstriden steane op de planning foar 31 maart 2023

Lieder Jan Torensma.