SEAR WIKSELFALLICH ROPTA-BOYS 45+ BLIUWT KOPRINNER.
|Rinsumageast – It doel fan Ropta Boys 45+ wie ôfrûne freedtejûn dúdlik. It earste plak behâlde en it leafst útrinne op ús tsjinstanners. Beide binne slagge, mar net op’e wize sa as wy it fan tefoaren betocht hiene. Mar somtiden giet it net altiten sa as jo it hawwe wolle. It wie wol moai dat wy op dizze striemine jûn kwa waar dochs stipe krigen fan fjouwer supporters. Twa froulju, Klazien en Esther Turkstra, dy’t wol faker by ús oan de sydline steane, mar ek twa froulju dy’t foar ús nij wiene, mar foar ús nestor yn it fermidden net. De twa nije supporters wiene de susters Tineke en Gré Kroodsma. Yn earste ynstansje hiene wy it net yn de gaten, mar letter foel it kwartsje. Ús nestor Frans Sijtsma, krekt 60 jier wurden, spiele de stjerren fan de himel. Hy makke twa doelpunten, wie sterk oan de bal, makke rushes lâns de sydline en hoallefoalle (dartele) oer it fjild. Wy begripe it no, Frans woe sich natuerlik hiel graach bewize foar syn nije freondinne yn it libben,Tineke Kroodsma. It bliuwt der yn sitten by mannen, nettsjinsteande de âldens , om yndruk te meitsjen op de froulju. It is Frans ôfrûne freedtejûn slagge en wy as team binne dêr yn dûbel opsicht bliid mei. Foar Frans is it machtich moai dat hy nei in sear mouilike tiid wêr kunde hat oan in frou en wy hawwe hjir ôfrûne freedtejûn de fruchten fan plukt yn de foarm in útblinkende Frans Sijtsma. Dêrom tige tank oan ús fjouwer suporters, dy’t yn waar, wyn en mei fjoer oan’e loft ús dochs stipe hawwe yn de Geast.
No noch efkes oer ús prestaasjes op fuotbal gebiet. It wie ôfrûne freedtejûn foar Ropta Boys 45+ in fuotbaljûn mei ferskate gesichten. Mei somtiden it fjoer oan de loft spiele Ropta Boys 45+ in dramatyske earste wedstriid tsjin Burdaard 45+. Ropta Boys 45+ begûn goed. It earste skôt fan Arend Castelein kaam op de peal en dêrnei noch in pear skôtten op goal. Dêrnei wie it hielendal oer by Ropta Boys 45+. Elkenien rûn doelleas yn it fjild rûn en mei wêromkomme wie der al hielendal net by. Fierder wie Burdaard 45+ hielendal op skôt . Eltse kâns waard reak sketten. Der wie foar Ropta Boys 45+ yn dizze wedstriid gjin ear te beheljen, om’t der yn alle opsichten neat fan kloppe yn it fjild. In beskamme en terjochte dikke nederlaach fan 0-3.
Yn de twadde wedstriid tsjin Be-Quick D 45+ rjochtte Ropta Boys 45+ harren rech. Yn it earste gedielte wie Ropta Boys 45+ hear en master op it fjild. Ropta Boys 45+ rûn yn in rap tempo út nei 3-0 troch doelpunten fan Arend Castelein en twa kear Frans Sijtsma. De iene goal wie noch moaier as de oare. Mei de fermelding dat Frans Sijtsma sawol skoarde mei syn sterke linker, mar ek mei syn swakke rjochter foet. ( sûkelade foet) It earste gedielte wie fuotbaljend goed, mar samar ynienens giet it wêr hielendal mis en kaam Be-Quick D wêrom ta 3-2. Op’e nij makke Ropta Boys 45+ de fout om allinnich mar foarút te fuotbaljen om dêrnei de ferdedigjende taken te ferwaarleazjen. It bleau úteinlik by 3-2 winst.
Ien hiele slechte wedstriid, ien heale slechte wedstriid, mar op it ein, de allerlêste wedstriid, wie hielendal goed tsjin VCR 45+. Yn dizze wedstriid liet Ropta Boys 45+ sjen dat hja terjochte koprinner binne yn dizze kompetysje. Yn de efterhoede mei keeper Marten Kooistra wiene Theun Bouius, Wiebe Turkstra en Andries Weidenaar eltsenien de baas. Op it middenfjild stienen Arend Castelein, Frans Sijtsma en Theunis Linthof goed te bôljen. Foaryn wiene Jack van der Vorst en Geert van Wieren it oanspielpunt. It wie Geert van Wieren dy’t yn it deistich libben in foarbyld wêze moat foar it minskdom ek op it fuotbalfjild it goeie foarbyld joech om Ropta Boys 45+ behearst nei de 1-0 skeat. Hy moast it wol bekeapje mei in inkelblesseure, mar hooplik falt it wat ta mei dizze blessuere. Nei dizze iepeningstreffer gie Ropta Boys 45+ troch en makke Andries Weidenaar op deselfde wize as yn de earste kompetysje rûnde in skitterende goal fanôf eigen helte. Foar de twadde kear yn dizze kompetysje ferraste hy keeper Sjouke Hiemstra op identieke wize mei in lob fan eigen helte. Dizze goal wie wol it hichtepunt fan dizze jûn. De prachtiche 2-0 fan Andries Weidenaar. Oan it ein fan dizze wedstriid makke Jack van der Vorst de 3-0, wêrtroch Ropta Boys 45+ mei in goed gefoel dizze jûn ta in ein brocht. Fan dramatysk slecht nei geniaal goed.
Troch dizze resultieten bliuwe wy koprinner mei 3 punten foarsprong op VCR 45+ en 4 punten op Burdaard 45+. Op 8 novimber 2019 by Be-Quick D sil de beslissing falle yn ús 45+ kompetysje. As wy kampioen wurde wolle sil it folgens my better moatte as ôfrûne freedtejûn. Wy sille it meimeitsje op freedtejûn 8 novimber.
Hjirûnder noch efkes de tuskenstân oant no ta.
1. Ropta Boys 45+1611 2 335+14
2. VCR 45+1610 2 432+11
3. Burdaard 45+169 4 331+11
4. Be Quick D 45+163 2 1111- 14
5. Dokkum 45+161 2 13 5- 22
Ferslachjouwer Jan Torensma.